NAVIGAASJE

Hiemside

Doelstellings Boun
Bounsbestjoer
Bounsberjochten
Mingd Nijs fan it Boun
Eareleden fan it Boun
Boun en Selskip 1844

Algemiene Gearkomste mei it Ambyld

Moetings- / Ynspiraasjedei

Spyllist STAF
It Frysk Amateur Toaniel
Frysk Toaniel

Links oare organisaasjes
Eveneminten yn Fryslân

Ynformaasjemap
Weblog Frysk Boun
It Fryske Folksliet
Fryslân yn eardere tiden
Skiednis fan it Boun
Redaksje fan it webstek
Boekeferkeap / Lêsrûnten
Sjongkoaren

 

 

 

 

FRYSKE KRITEN

Krite Apeldoarn
Krite Assen
Krite Boadegraven
Krite Hilversum
Krite Hoarn
Krite Hurderwyk
Krite Lelystêd
Krite Meppel
Krite Utert-Seist
Krite SúdEastDrinte
Krite Swol
Krite Twente
Skriuwers Kriten

--------------------------

Kritekrantsjes en kritejûnen.

Kritekrantsjes fan de Fryske kriten
Kritejûnen alle kriten

---------------------------

Net-oansluten FRYSKE KRITEN

Krite Roan

Emigraasjeblêden

De Krant

WAT IS, WOL EN DOCHT IT BOUN

It Frysk Boun om Utens - fierder neamd it Boun - is de lanlike oerkoepeling fan in grut tal
Fryske kriten (12) bûten Fryslân.

 

It Boun hat neffens it karbrief as doelstelling:

 

1
in bân te lizzen tusken de Friezen bûten Fryslân en by harren it Fryske folkskarakter yn al syn uterings, benammen yn de taal, te bewarjen en te befoarderjen;
2
by oaren as Friezen, niget oan en begryp te bringen foar Fryslân, de Fryske taal, kultuer en skiednis.

It Boun docht soks ûnder oaren troch:

3
it oppakken fan gruttere saken, dy't de kriten op harsels net of minder maklik regelje kinne, sa as:
  • it om de fiif jier organisearjen fan in Friezedei (14 april 2018 yn Ljouwert),

  • it stimulearjen en de koördinaasje fan kursussen Frysk om utens,

  • lizzen fan kontakten/oerlis oer útstallings/útfierings dy't foar gâns bûtenkriten nijsgjirrich binne;

4
kontakten te lizzen en te ûnderhâlden mei ynstânsjes yn en bûten Fryslân oer de Fryske taal en it brûken dêrfan yn de media, sa as mei:
  • Omrop Fryslân,
  • de Ministearjes (OCW, V. en W., A.Z.),
  • de ûnderskate politike fraksjes út it parlemint,
  • provinsjale oerheid (bgl. it periodyk bestjoerlik oerlis mei de deputearre foar kultuer fan de provinsje Fryslân),
  • de Fryske Akademy,
  • Tresoar (earder mei it FLMD (Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum),
  • Keunstwurk,
  • de parse (Ljouwerter Krante en Frysk Deiblêd).
5
him yn te setten foar de befoardering fan it ûnderwiis yn 'e eigen taal yn alle foarmen fan it ûnderwiis;
6
it fuortsterkjen fan it toaniel en oare uterings fan kritelibben om soks op in sa heech mooglik nivo te krijen; dat uteret him yn:
  1. it hâlden fan toanielkrigen en festivals (bgl. it ienakterfestival),
  2. it yn ferbân dêrmei oplieden fan karmasters;
  3. it hâlden fan toanielstúdzjedagen en sa mooglik wykeinen;
  4. it befoarderjen fan toanielútwikselingen tusken de kriten;
  5. it hâlden - sa as bygelyks op de Friezedei - fan in koarendei;
  6. it stimulearjen fan stúdzjerûnten, literêre jûnen, jûnen mei gastsprekkers en it ûnder elkoar útwikseljen fan gegevens dêroer;
7
it organisearjen fan op it kritewurk rjochte kader/stúdzjedagen ta stipe fan it bestjoerswurk;
8
it hâlden fan kader/stúdzjedagen/wykeinen foar de algemiene foarming oer ûnderwerpen fan skiednis, literatuer, taal en kultuer;
9
by te dragen ta de útwikseling fan ynformaasje tusken de kriten troch:
it útbringen fan in "Ynformaasjemap" (kursussen, toanielsaken, ferdivedaasjemooglikheden, adressen, wurklisten en oare min of mear fêste gegevens),
it 3 of 4 x jiers ferskinende Nijsbrief (Mienskiplike útjefte fan It Frysk Boun om Utens & it Selskip foar Fryske Tael en Skriftekennisse mei mear algemiene en/of op 'e aktualiteit tasniene ynformaasje en nijs fan en út it haadbestjoer fan It Boun en fan it Selskip, fierder, tuskentiids, mei de Bounsbrief en/of in omskriuwen oan de Bounskriten;
10
mei syn SBF (Sintrale Boeke Ferkeap) it Fryske boek, Fryske cd's, kassettes en kaarten ûnder de oandacht fan de Friezen om utens te bringen (de njonkelytsen ferneamde boeketafels op 'e kritejûnen)
11
fia syn fertsjintwurdigers mei te praten/tinken yn ûnderskate organisaasjes oer saken dy't mei it Frysk en/of Fryslân te krijen hawwe. It Boun is sa fertsjintwurdige yn:
  • De Ried fan de Fryske Beweging (= in ferbân fan minsken, selskippen en organisaasjes dat him ynset foar de Fryske taal en kultuer en de Fryske belangen yn it algemien); fia de Ried wer yn de Stifting It Fryslânhûs ensfh.
  • it bestjoer / advysried fan de AFÛK (Algemiene Fryske Ûnderrjochtkommisje), dy't rûnom kursussen Frysk fersoarget en fierder in útjouwerij en it Stipepunt Frysk binnendoarren hat;
  • it bestjoer fan it IFAT (= It Frysk Amateur Toaniel), dat It Boun mei twa selskippen út Fryslân oprjochte hat, dêrmei in lanlike status hat en sadwaande fan it ministearje fan OWC subsidiearre wurdt; en fia it IFAT wer yn FRATS (De Fryske Amateur Teater Skoalle);
12
syn funksje as "it" oansprekpunt foar de "Friezen om utens" foar de ûnderskate oerheden en ynstânsjes, en wurdt dêrom yn foar dy groep wichtige saken behelle;
13
it bieden fan in lânlik ramt foar it kritewurk; soks is fakentiids in betingst om foar guon subsydzjes yn 'e beneaming te kommen;
14
de positive ynfloed fan sa'n gearwurkingsferbân op de Fryslân-promoasje; ommers de bûtenkriten hawwe in soarte fan ambassadeurfunksje foar Fryslân;
15
bûten Fryslân omtinken te jaan oan spesifyk Fryske dingen, sa as it keatsen, skûtsjesilen, fierljeppen, aaisykjen ensfh.;
16
gelegenheden te skeppen foar de Bûtenfriezen om harren krêften te bondeljen en mei-inoar op te arbeidzjen en ûnderling kontakten te lizzen, te ûnderhâlden en te ferdjipjen; dat lêste sa mooglik mei de ûnderskate Fryske Studinteferienings. Fierder stimulearret It Boun dat leden fan de oansletten kriten op deselde betingsten as eigen leden of tsjin sterk redusearre prizen tagong ta inoarrens kritejûnen hawwe. Dêrta soarget It Boun foar unifoarme lidmaatskipskaarten.

naar boven