NAVIGAASJE

Hiemside

Doelstellings Boun
Bounsbestjoer
Bounsberjochten
Mingd Nijs fan it Boun
Eareleden fan it Boun
Boun en Selskip 1844

Algemiene Gearkomste mei it Ambyld

Moetings- / Ynspiraasjedei

Spyllist STAF
It Frysk Amateur Toaniel
Frysk Toaniel

Links oare organisaasjes
Eveneminten yn Fryslân

Ynformaasjemap
Weblog Frysk Boun
It Fryske Folksliet
Fryslân yn eardere tiden
Skiednis fan it Boun
Redaksje fan it webstek
Boekeferkeap / Lêsrûnten
Sjongkoaren

 

 

 

 

FRYSKE KRITEN

Krite Apeldoarn
Krite Assen
Krite Boadegraven
Krite Hilversum
Krite Hoarn
Krite Hurderwyk
Krite Lelystêd
Krite Meppel
Krite Utert-Seist
Krite SúdEastDrinte
Krite Swol
Krite Twente
Skriuwers Kriten

--------------------------

Kritekrantsjes en kritejûnen.

Kritekrantsjes fan de Fryske kriten
Kritejûnen alle kriten

---------------------------

Net-oansluten FRYSKE KRITEN

Krite Roan

Emigraasjeblêden

De Krant

It Frysk Folksliet

Hjir kinne jimme it folksliet hearre

It Fryske folksliet is it liet "De Alde Friezen".

 

"De Alde Friezen" is skreaun troch Eeltsje Halbertsma (1797-1858), en foar it earst publiseare yn de twadde printinge fan "De Lapekoer fen Gabe Skroor", yn 1829. De melodije is fan "Vom hoh'n Olymp", dat Halbertsma faaks leard hat yn de tiid dat er studint wie yn Heidelberg. It wie opnaam yn de earste printinge fan Rimen en Teltsjes, yn 1871. Doe't yn 1875 yn Grou in monumint foar Eeltsje Halbertsma oprjochte waard, waard dit liet songen ta syn neitins, en dat wie doe as wie dat in folksliet. Op foarspraak fan Jelle Troelstra is it yndie dat jier noch troch it Selskip foar Fryske Taal- en Skriftekenisse oannaam as `Frysk Folksliet'.

It liet wie yn 1876 opnaam yn de earste printinge fan "It Lieteboek", letter "Frysk Lieteboek". Jacobus fan Loon wie in redakteur fan "It Lietboek", en hy brocht it tal fan fersen werom fan sân nei fjouwer. It earste en it lêste fers binne oernaam hast sa't Halbertsma se skreaun hie, mar dêrtuskenyn binne mar twa oare fersen opnaam; oanpaste ferzjes fan it sechde en fyfte fers. It is disse ferzje dy't al gau populêr wurden is, en no as it Frysk Folksliet beskôge wurdt.

 

Halbertsma / Van Loon

Fia You Tube is it Frysk folksliet ek te belústerjen

 

 

Frysk bloed tsjoch op! wol no ris brûze en siede,
En bûnzje troch ús ieren om!
Flean op! Wy sjonge it bêste lân fan d'ierde,
It Fryske lân fol eare en rom.
Klink dan en daverje fier yn it rûn
Dyn âlde eare, o Fryske grûn!
Klink dan en daverje fier yn it rûn
Dyn âlde eare, o Fryske grûn!

de fryske liuw

 

Hoe ek fan oermacht, need en see betrutsen,
Oerâlde, leave Fryske grûn,
Nea waard dy fêste, taaie bân ferbrutsen,
Dy't Friezen oan har lân ferbûn.
Klink dan en daverje fier yn it rûn
Dyn âlde eare, o Fryske grûn!
Klink dan en daverje fier yn it rûn
Dyn âlde eare, o Fryske grûn!


Fan bûgjen frjemd, bleau by 't âld folk yn eare
Syn namme en taal, syn frije sin;
Syn wurd wie wet; rjocht, sljocht en trou syn leare,
En twang, fan wa ek, stie it tsjin.
Klink dan en daverje fier yn it rûn
Dyn âlde eare, o Fryske grûn!
Klink dan en daverje fier yn it rûn
Dyn âlde eare, o Fryske grûn!

Trochloftich folk fan dizze âlde namme,
Wês jimmer op dy âlders grut!
Bliuw ivich fan dy grize, hege stamme
In grien, in krêftich bloeiend leat!
Klink dan en daverje fier yn it rûn
Dyn âlde eare, o Fryske grûn!
Klink dan en daverje fier yn it rûn
Dyn âlde eare, o Fryske grûn!