Op nei de 100 jier yn 2023:
In tariedingskommisje, besteande út Teatske Haanstra-Bosma fan Assen, Jolanda Lootens-Berg fan Swol, Hans Groenhof fan Assen, Jan Bosgraaf fan Swol, Jan Bijkerk as foarsitter fan it Boun en Kees van der Beek as skriuwer fan it Boun binne al in pear kear byinoar west om al fêst it ien en oar op priemmen te setten.
De datum fan it Jubileumfeest is fêstlein:
Sneon 16 septimber 2023.
Yn grutte halen is in programma-ynfolling foar dy dei yn konsept opmakke. Der wurdt ûndersyk dien nei de mooglikheid om mei dit Jubileum as Frysk Boun om Utens it predikaat KENINKLIK te beheljen. De kommisje tinkt op dit stuit, dat Swol in gaadlik plak is foar dit Jubileum-feest. Tsjin dy tiid hope wy dat it mooglik is om sa maklik mooglik dêr te kommen.
De kommisje is dwaande om op dy dei in Jubileum-boek út te bringen; yn de Nijsbrief fan desimber is de oprop dien oan alle kritebestjoeren om ûnder har leden te hifkjen nei mooglike ferhale-fertellers dy’t nijsgjirrich genôch binne om oer it Kritelibben te fertellen of te skriuwen.
|