NAVIGAASJE

Hiemside

Doelstellings Boun
Bounsbestjoer
Bounsberjochten
Mingd Nijs fan it Boun
Eareleden fan it Boun
Boun en Selskip 1844

Algemiene Gearkomste mei it Ambyld

Moetings- / Ynspiraasjedei

Spyllist STAF
It Frysk Amateur Toaniel
Frysk Toaniel

Links oare organisaasjes
Eveneminten yn Fryslân

Ynformaasjemap
Weblog Frysk Boun
It Fryske Folksliet
Fryslân yn eardere tiden
Skiednis fan it Boun
Redaksje fan it webstek
Boekeferkeap / Lêsrûnten
Sjongkoaren

 

 

 

 

FRYSKE KRITEN

Krite Apeldoarn
Krite Assen
Krite Boadegraven
Krite Hilversum
Krite Hoarn
Krite Hurderwyk
Krite Lelystêd
Krite Meppel
Krite Utert-Seist
Krite SúdEastDrinte
Krite Swol
Krite Twente
Skriuwers Kriten

--------------------------

Kritekrantsjes en kritejûnen.

Kritekrantsjes fan de Fryske kriten
Kritejûnen alle kriten

---------------------------

Net-oansluten FRYSKE KRITEN

Krite Roan

Emigraasjeblêden

De Krant

FRIEZEDEI 2018 PROVINSJEHUS LJOUWERT

Dizze side is makke n.o.f de tarieding en de útfiering fan de Friezedei op 14 april 2018
yn it Provinsjehûs yn Ljouwert.
 

Op 14 april 2018 hawwe wy ús 95-jierrich bestean fan
it Frysk Boun om Utens fierd.

 

Hjir ûnder binne de ferskate kranteberjochten en foto's te besjen en ynterviews te beharkjen:

 

PLAK.
De 94e Algemiene Gearkomste (moarns) en de Friezedei (middeis) binne hâlden yn it Provinsjehûs fan Fryslân yn Ljouwert oan de Twabaksmerke. Dat is in tige nijsgjirrich gebou mei in hiele lange skiednis. Wy hawwe foar jimme de skiednis yn in dokumint setten. Dat kinne jimme hjir lêze.

TARIEDINGSKOMMISJE.
De tariedingskommisje bestie út: Kees van der Beek, Jan Bijkerk, Tia Walstra en Pietie Westdijk.
Us gearkomsten hâlden wy faaks by Kees thús yn Ermelo, want dat wie sa'n bytsje sintraal foar ús.

KOSTEN.
Wy binne fan ôf septimber 2017 drok dwaande west mei it sykjen fan stipers en advertearders foar it jubileumblêd. Wy hawwe in dikke fjirtich bedriuwen en/of organisaasjes oanskreaun en in tsiental hawwe tasein.
Ek hawwe wy subsydzje oanfrege fia de IFAT oan de provinsje Fryslân. Dat hat de provinsje jammer genôch wegere. Wy hawwe in beswierskrift yntsjinne om't wy fan miening binne dat wy mei de Friezedei ek de belangen fan de provinsje Fryslân tsjinje. Ek fia it IMF hawwe wy gjin subsydzje krije kind.

Dochs it Prins Bernhard Kultuerfûns hat ús wol subsydzje tasein, dat is prachtich!

Fansels koene wy it net fergees dwaan. Wy hawwe probearre de tagongspriis sa leech mooglik te hâlden, dat snappe jimme wol. Mar ja, foar neat giet de sinne op!

 

Arno Brok

PROGRAMMA.
Sa as jimme al witte, hat de kommissaris fan de Kening, de hear Arno Brok, de Friezedei ynliede. Dêr wiene wy tige bliid mei. Yn ús foarbesprek wie hy tige entûsjast om dat te dwaan.
De sjongkoaren fan Boadegraven, Swol, Twinte en Lelystêd hawwe tige oan it oefenjen west om op 14 april sa goed mooglik foar de dei te kommen mei harren mienskiplik (Bouns)koar.
Op de middei wie der noch in ferrassing, doe hawwe Jelmar Hoekstra en Fokke Plantinga mei twa muzikanten (fan it HympHamp Theater) ús in oere fermakke mei in foarstelling mei sketskes en sang oer 95 jier FBoU (op nei de 100!), de Friezen om Utens en de Kulturele Haadsted 2018 deryn ferwurke, ôfwiksele mei de types of sankjes dy't sy al yn harren repertoire spylje.
En fansels binne wy drok dwaande west om te sykjen nei wat moaie plakjes yn Ljouwert dy't wy op de middei besjen koenen. Wy binne der op út kaam dat wy de eardere finzenis de Blokhûspoarte te besjen en in rûnrit yn in elektrysk treinsje meitsje lâns de moaie plakje fan de stêd. (sjoch foar dizze aktiviteiten hjir). Ek kopene de oanwêzigen genietsje fan de fideopresintaasje fan Jan Bijkerk oer FBoU fan ôf 2005. Jaap Bakker seit yn syn stikje oer de Friezedei oer de fideobylden : "Wat ha ik op dy film in skriklik soad minsken sjoen dy’t ik koe, mar ek in hopen dy’t der net mear binne…. Ja, it libben jout, it libben nimt….".

STIPE
Sa as hjir boppen al stiet, hawwe wy in lytse fjirtich bedriuwen / organisaasjes frege om ús te stypjen. De bedriuwen dy't ús stype hawwe, kinne jimme hjir besjen

 

 

Om yn de stimming te bliuwen, hjir alfêst twa moaie gedichten.

Bern fan Fryslàn

Wy sille altyd bern fan Fryslân bliuwe
wêr`t ek ús wegen liede op `e wrâld.
Wêr`t ús de winen en de seeën driuwe
dit jout ús libben en ús hert syn hâld.
Bern fan de wide, rûne, griene romte,
dêr't bôgjende in blauwe loft oer stiet;
dêr't wolkens glide, as de maitiid komt te
ferrizen mei de ljurk syn jubelliet.
Bern fan de feale, grize klaai: dy grûnen,
dy't eltse winter lizze as bestoarn,
mar eltse maaie opnij it libben wûnen
en eltse simmer drage in gouden kroan.
Bern fan de smûke bosken yn de Wâlden,
dêr`t smelle wegen boartsje ûnder`t beamt.
De wyn strykt yn in marke stil syn fâlden
en flûst`ret yn de blêden, mearkefrjemd.
Bern fan de marren, dêr't de weagen skomje
en seilen weiwurd' yn ûneinichheid.
Bern fan it Waad, dat driigje kin en gromje
of blinkend as in sulv'ren spegel leit.
Wêr `t ús de winen en de seeën driuwe,
dit jout ús libben en ús hert syn hâld.
wy wolle altyd bern fan Fryslân bliuwe,
fier of tichtby, oeral yn de wrâld.
Anne Jousma
 
 

De Fries om Utens

De Fries om utens is in mán
hy tinkt goed nij en lûkt syn plan
gejeuzel stiet net yn syn boek
hy is rjochtút, aktyf en kloek.
De Fries om utens is in frou
hja docht har plicht en hja is trou
har man en bern stean boppe-oan
en 'leafde' prykt heech op har troan.
De Fries om utens is in mínsk'
hy dreamt syn dream en docht syn winsk
hy fielt noch stees dy hechte bân
mei memmetaal en heitelân.
De Fries om utens bliuwt in bern
dat gûlt as 't wat hat ferlern
djip yn't hert mist er de jeugd
syn knyn, syn geit, syn bernefreugd.
Hâns Dijk.
Eardere foarsitter Frysk Boun om Utens

 

De tariedingskommisje.