Op tiisdei 17 maaie hawwe in seistal leden fan ferskate kriten meidien oan it grut Frysk Diktee yn de Steateseal fan it provinsjehûs yn Ljouwert. Dat wiene:
Siebren Miedema fan krite Boadegraven;
Petra Aukema fan krite Swol;
Ludzer van der Schors fan krite Meppel;
Sjoerdtsje Bijkerk fan krite Lelystêd;
Jan Bijkerk fan krite Lelystêd;
Gerrita Otten fan krite Utert/Seist.
It wie opdield yn dielnimmers dy’t op persoanlike titel de finale berikt hienen en der wienen 6 groepen fan elk 6 minsken: studinten, direkteuren, Freonen fan Omrop Fryslân, politisy, pommeranten en Friezen om utens.
It wie hiel moai om dit ris mei te meitsjen en as groep kamen wy ek noch as tredde út de bus, dus dat joech ek noch in goed gefoel.
Oar jier wer en dan kin elkenien him/har opjaan om mei te dwaan. De spulregels wa’t mei dwaan sil, komme noch op papier. Gerrita hat dit fanút it Boun regele en sil ek de kommende jierren har hjir tsjin oan bemuoie. Gerrita, tige tank!
De foto's fan dizze jûn binne HJIR te sjen. |