It Fryske tydskrift DE NIJE.
Sûnt desimber 2018 ferskynt DE NIJE, in folslein Frysktalich tydskrift. It is in tematydskrift dat fjouwer kear jiers útkomt (alle fearnsjierren). Der steane moaie foto’s yn op moai papier. Dat neame se hjoed-de-dei in glossy, in glimmer dus! It ferskaat oan ûnderwerpen is alle kearen grut. Dy ûnderwerpen geane oer mear as allinne oer Fryslân.
Koart gearfette: in tydskrift fan sa’n sechstich siden mei foto’s, nijsgjirrige teksten, mei in puzel, strip en priisfraach!
Ein jannewaris ferskynt it earste nûmer fan de tredde jiergong. Dat tydskrift hat as tema ‘Winter’. De oare tema’s dit jier: ‘Bisten’, ‘Muzyk’ en ‘Eilannen’.
De Ried, as útjouwer, is der fan oertsjûge dat we mei-inoar ferlet ha fan sa’n lêsber tydskrift. De ferkeapsifers kinne better. Der soe dêrom folle mear reklame foar DE NIJE makke wurde moatte. Dêr hat de Ried lykwols de sinten net foar.
Dêrom sykje we oare paden. Wy freegje elkenien dy’t wat mei it Frysk en Fryslân hat, jimme dus ek, om in abonnemint te nimmen. Dan stypje jimme ús stribjen, it stribjen fan ús mei-inoar, om mear Friezen oan it Frysk lêzen te krijen.
En ….. jimme jouwe jimsels foar mar in pear sinten in moai kadootsje.
|