FIER fan HÛS - banner
achtergrond frysk

 

FIER FAN HÛS

De Fryske Krite fan Boadegraven e.o. is oprjochte op 15 jannewaris 1946. Dat is yn it kommende seizoen al wer 60 jier ferlyn. 

Fan de foarsitter fan de Fryske Krite ‘Fier fan hûs’

Minsken, minsken, minsken,

Hertlik wolkom op de webside fan ús Fryske Krite. It is dochs bjusterbaarlik dat wy dit yn ús koarte libben allegearre noch meimeitsje meie. De Fryske Krite op de webside! Dat hiene wy in pear jier lyn dochs net betinke kinnen. De Fryske taal dy’t al ieuwen bestiet, wurdt no útdroegen op in hypermoderne wize en alle aktiviteiten dy’t op priemen set wurde, kinne oeral yn ‘e húskeamers ûntfongen wurde. Dat hiene ús foarâlden ris witte moatten! Dat hie de oprjochter fan ús krite Harmen Kooistra ris witte moatten. Op 15 jannewaris 1946 hat hy it idee oppenearre om in Fryske krite op te rjochtsjen. En no - 60 jier letter - kinne wy sizze dat der sprake is fan in regionale organisaasje, want ús leden wenje net allinne yn Boadegraven mar foaral ek yn Woerden, Alphen, Woubrugge, Gouda, Waddinxveen, Boskoop, ensf. Harmen Kooistra is jierren lyn al ferstoarn mar hy hie der sûnder twifel graach by wêze wold. Dan hie hy meidwaan kinnen mei de toanielploech, mei it sjongkoar, mei it kriteblêd, mei it organisearjen fan it jubileum. En no hawwe wy dochs ek noch in webside. Hoe bestiet it. Jo falle sawat fan de stoel ôf. As je dit yn jin omgean litte dan is it Frysk noch lang gjin deade taal. Och heden nee, ús krite dy libbet en wy organisearje allerhanne aktiviteiten. Wat moatte wy dyjingen tankber wêze dy’t it al dy jierren folhâlden hawwe. 

 

Want ek yn de tiid fan de oprjochting en yn de jierren dêrnei wie it lang net altyd maklik om de holle boppe wetter te hâlden. Mar as je de klam lizze op de gloarjejierren fan de krite, wat is der dan in protte wurk ferset. Wisten jimme dat Tetman de Vries en syn selskip hjir yn ferline jierren west binne? Ja, ja, en Rients Gratama wie der doe ek by. Op 10 maart 2006 komt der hjir dus net foar de earste kear. Wy sjogge út nei it 60-jierrich jubileum fan ús krite. Wy sjogge dan út nei it sjongen fan it Frysk Folksliet. Want wy meie in skeakel wêze tusken it ferline en de takomst. En sa as ús foarâlders en al dy skriuwers en dichters in it ferline soarge hawwe dat it Frysk noch libbend is, sa sille ek wy de holle der foar hâlde en ús stientsje bydrage.
It bestjoer tanket Sjoerdtje en Jan Bijkerk foar alle krewearjen en winsket harren en alle kriteleden lok mei dizze webside. Wy binne der wis fan dat der in nije stap set is yn in nije tiid. Mar ek yn dy nije tiid bliuwe wy trou oan ús taal en oan ús kultuer. Wat der ek barre mei, wy sille de Aldehou fan Ljouwert net ferjitte en ek net it Fryske hynder, it strân fan Amelân, it swurd fan Grutte Pier, it Reade Klif, ensf.

In nije tiid brekt oan. De tiid fan de webside. Lit ús der gebrûk fan meitsje!

Hâns Dijk.
 

  As jo dit lęze en jo soene in kear by in gearkomste węze wolle, nim dan efkes kontakt op mei de skriuwer as mei ien fan it bestjoer.

werom nei de algemien side