{"id":117,"date":"2017-10-29T21:19:26","date_gmt":"2017-10-29T19:19:26","guid":{"rendered":"http:\/\/www.fryskbutenfryslan.frl\/weblog\/?p=117"},"modified":"2017-11-02T17:15:49","modified_gmt":"2017-11-02T15:15:49","slug":"moetings-en-ynspiraasjedei-goed-slagge","status":"publish","type":"post","link":"https:\/\/www.fryskbutenfryslan.frl\/weblog\/?p=117","title":{"rendered":"Moetings- en Ynspiraasjedei 2017 tige slagge!!"},"content":{"rendered":"<h6>Ferslach troch Jan Bijkerk, foto&#8217;s fan Sjoerdtsje Bijkerk en Fokke Zandstra.<\/h6>\n<p>Sneon 28 oktober wie it wer sa fier: \u00fas twadde <strong><span style=\"color: #ff0000;\">Moetings- en Ynspiraasjedei<\/span> <\/strong>yn de Kiekmure yn Hurderwyk. Dit is yn it plak kaam fan it Kaderwykein. Der wiene de moarns 34 dielnimmers en de middeis 37, in hiele moaie opkomst as wy it fergelykje mei ferline jier. <a href=\"https:\/\/1drv.ms\/f\/s!AjTPyNv4V7DZiDABPcxma4leMUa0\">Hjir steane de foto&#8217;s fan it ynkommen fan de dielnimmers.<\/a><\/p>\n<p>Ek dit jier hiene wy in tal oan nijsgjirrige sprekkers: \u00a0Yn de moarntiid foar de lunsj hawwe <strong><span style=\"color: #ff0000;\">Jelmar Hoekstra en Fokke Plantinga fan it Hymphamp Theater<\/span> <\/strong>\u00fas meinommen yn harren wurk. Earst, foar it lyts skoft, hawwe sy \u00fatlein hoe sy in rol en in s\u00eane opbouwe. In rol kinne jo opbouwe fan binnen nei b\u00fbten (hokker klean dogge jo oan)\u00a0 fan b\u00fbten nei binnen &#8211; hokker personaazje wolle\u00a0 jo spylje &#8211; dat kinne jo mei jo lichem oanjaan: heupe, b\u00fbk, boarst, hals en holle. Der waarden ferskillende type personaazjes troch harren delsetten, somtiden yn lytse sketskes. Wy moasten \u00fas faaks de b\u00fbsen \u00fatskuorre fan it laitsjen, dat kinne jimme wol begripe.<br \/>\nIn s\u00eane moat in begjin, in midden en in ein ha en der moat in spanningsb\u00f4ge yn sitte. Yn sa&#8217;n s\u00eane moatte jo altiten de 5 W&#8217;s werom fine kinne en ek oanjaan kinne: Wie, W\u00ear, Wat, Wannear en W\u00earom. Nei it lyts skoft waarden de dielnimmers yn de seal yn in oantal lytse groepkes opdield en elk groepke krige deselde tekst (ien A4-tsje). Elk groepke moast der in s\u00eane by betinke en de 5 W&#8217;s op papier sette fan dy s\u00eane. Inkelde fan de troch de dielnimmers op papier setten s\u00eanen waard troch Jelmar en Fokke neispile. Jo kinne wol begripe, der wie oer de groepkes gjin inkelde s\u00eane itselde.<br \/>\n<a href=\"https:\/\/1drv.ms\/f\/s!AjTPyNv4V7DZiDGrGQiLsW5SG9Lt\">Hjir steane de foto&#8217;s fan Jelmar en Fokke harren ynlieding en workshop.<\/a><\/p>\n<p>Nei it betankjen fan de beide sprekkers troch de foarsitter fan it Boun wie it tiid foar de lunsj. De Kiekmure hie wer soarge foar in goeie lunsj, dat wie tige yn oarder.<br \/>\n<a href=\"https:\/\/1drv.ms\/f\/s!AjTPyNv4V7DZiDKIluTXCSdK878T\">Hjir steane noch wat plaatsjes fan de lunsj.<\/a><\/p>\n<p>Op de middei hie it bestjoer de <strong><span style=\"color: #ff0000;\">deputearre frou Sietske Poepjes<\/span> <\/strong>\u00fatn\u00fbge. Frou Sietske Poepjes, fan Makkum en berne yn de Lemmer, is fan \u00f4f septimber 2011 foar it CDA deputearre foar de Provinsje Frysl\u00e2n. Yn de perioade derfoar, 2007-2011, wie sy Steatenlid foar it CDA in Frysl\u00e2n.\u00a0Frou Poepjes hat as deputearre in grutte portefeuille, d\u00ear sit ynfrastruktuer, mobiliteit en wetter yn, mar ek taal, media, keunst en kultuer (ynklusyf Kulturele Haadst\u00ead 2018 en Omrop Frysl\u00e2n). Dit l\u00easte is foar \u00fas as Friezen om Utens foaral fan belang! D\u00earom wiene wy foaral nijsgjirrich nei har rol \/ har betsjutting foar Friezen om utens as it giet om de rol fan de oerheid yn de media sa as Omrop Frysl\u00e2n, mar ek bygelyks KPN, dy&#8217;t allinnich oan de oanlizzende provinsjes fan Frysl\u00e2n Omrop Frysl\u00e2n op de kabel trochjout en har rol d\u00ear yn.<br \/>\nYn earste ynst\u00e2nsje hat sy dochs ferteld oer de ynfrastruktuer &#8211; want dat hat fansels ek in ferb\u00e2n mei de oare saken yn har portefeuille. Earder moasten jo al gau inkelde oeren \u00fatl\u00fbke om fan Snits nei Amsterdam te kommen, mar tsjintwurdich dogge jo dat hast yn in oere &#8211; as der net in te lange file stiet fansels. Ek yn Frysl\u00e2n sels binne der de l\u00easte jierren in protte projekten west om de ferbiningen te ferbetterjen: Knooppunt Joure, Akwadukten, de N31 by Harns en de Centrale As fan Drachten nei Dokkum.<br \/>\nFierder hat sy it h\u00e2n oer it gebr\u00fbk fan de Fryske taal yn it Provinsjeh\u00fbs en op de Fryske skoallen. Men kin sa mar net elke skoalle ferplichtsje om Frysk te jaan, der binne fansels yn Frysl\u00e2n plakken sa as It Bildt, de st\u00eaden en de Stellingwerven w\u00ear&#8217;t\u00a0 men op in oare wize Frysk op skoalle jout as op de plakken w\u00ear&#8217;t al Frysk sprutsen wurdt. D\u00ear kinne de skoallen \u00fbntheffingen foar krije. Der wurdt dan ek op ferskate nivo&#8217;s Frysk op de skoallen \u00fbnderwiisd. Wol moatte der op de skoallen w\u00ear&#8217;t op in leger nivo Frysk j\u00fbn wurdt, in plan lizze hoe of sy op in heger nivo komme wolle. Frou Poepjes skeat yn har presintaasje somtiden hiel moaie sydpaadsjes yn mei moaie ferhalen en anekdoaten. De seal hat tige fan har praatsjes genoaten.<br \/>\n<a href=\"https:\/\/1drv.ms\/f\/s!AjTPyNv4V7DZiDOMPrGzJ0i541vi\">Hjir steane de foto&#8217;s fan it diel fan frou S. Poepjes.<\/a><\/p>\n<p>Oan it ein fan har petear krige sy \u00fat hannen fan de foarsitter fan it Boun, Jan Bijkerk, it boek &#8220;Friezen yn &#8216;e Frjemdte&#8221; \u00fatrikt. It boek dat yn de jierren 2009 oant 2011 troch in oantal leden fan it Boun makke is en de skiednis fan de Fryske kriten beskriuwt, sawol yn Nederl\u00e2n as oer de wr\u00e2ld. In prachtich neislachwurk, w\u00ear&#8217;t de deputearre tige wiis mei wie.<\/p>\n<p>Wy kinne, neffens de oanw\u00eazigen, weromsjen op in hiele moaie, learsume en gesellige dei, sadat de konkluusje fan de foarsitter wie, dat dit wis foar werhelling fetber is.<\/p>\n<p>De j\u00fbns koene de dielnimmers dy bleaven noch genietsje fan it optreden fan <strong><span style=\"color: #ff0000;\">&#8220;Blikstiender&#8221; fan De Lemmer <\/span><\/strong><span style=\"color: #000000;\">mei<\/span><strong><span style=\"color: #ff0000;\"> &#8216;Frysl\u00e2n heite &#8230;&#8217;<\/span><\/strong>. Sy brochten in revu op de planken, mei sketskes en sjongen. De manier w\u00earop sy it brochten, die wol tinken oan de tiid fan Tetman de Vries. In hiele moaie foarstelling!<br \/>\n<a href=\"https:\/\/1drv.ms\/f\/s!AjTPyNv4V7DZiR3gsA7iEl7wajIR\">Hjir fine jimme noch in moaie Ympresje fan de hiele dei, ek fan de j\u00fbn mei &#8216;Blikstiender&#8217;, dizze foto&#8217;s binne makke troch Fokke Zandstra.<\/a><\/p>\n<p>&nbsp;<\/p>\n<p>&nbsp;<\/p>\n<!-- AddThis Advanced Settings generic via filter on the_content -->","protected":false},"excerpt":{"rendered":"<p>Ferslach troch Jan Bijkerk, foto&#8217;s fan Sjoerdtsje Bijkerk en Fokke Zandstra. Sneon 28 oktober wie it wer sa fier: \u00fas twadde Moetings- en Ynspiraasjedei yn de Kiekmure yn Hurderwyk. Dit is yn it plak kaam fan it Kaderwykein. Der wiene &hellip; <a href=\"https:\/\/www.fryskbutenfryslan.frl\/weblog\/?p=117\">Lees verder <span class=\"meta-nav\">&rarr;<\/span><\/a><!-- AddThis Advanced Settings generic via filter on wp_trim_excerpt --><\/p>\n","protected":false},"author":3,"featured_media":0,"comment_status":"open","ping_status":"closed","sticky":false,"template":"","format":"standard","meta":{"footnotes":""},"categories":[1],"tags":[],"class_list":["post-117","post","type-post","status-publish","format-standard","hentry","category-uncategorized"],"_links":{"self":[{"href":"https:\/\/www.fryskbutenfryslan.frl\/weblog\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts\/117","targetHints":{"allow":["GET"]}}],"collection":[{"href":"https:\/\/www.fryskbutenfryslan.frl\/weblog\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts"}],"about":[{"href":"https:\/\/www.fryskbutenfryslan.frl\/weblog\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/types\/post"}],"author":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/www.fryskbutenfryslan.frl\/weblog\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/users\/3"}],"replies":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/www.fryskbutenfryslan.frl\/weblog\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Fcomments&post=117"}],"version-history":[{"count":17,"href":"https:\/\/www.fryskbutenfryslan.frl\/weblog\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts\/117\/revisions"}],"predecessor-version":[{"id":134,"href":"https:\/\/www.fryskbutenfryslan.frl\/weblog\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts\/117\/revisions\/134"}],"wp:attachment":[{"href":"https:\/\/www.fryskbutenfryslan.frl\/weblog\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Fmedia&parent=117"}],"wp:term":[{"taxonomy":"category","embeddable":true,"href":"https:\/\/www.fryskbutenfryslan.frl\/weblog\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Fcategories&post=117"},{"taxonomy":"post_tag","embeddable":true,"href":"https:\/\/www.fryskbutenfryslan.frl\/weblog\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Ftags&post=117"}],"curies":[{"name":"wp","href":"https:\/\/api.w.org\/{rel}","templated":true}]}}