{"id":162,"date":"2022-09-07T08:03:42","date_gmt":"2022-09-07T06:03:42","guid":{"rendered":"http:\/\/www.fryskbutenfryslan.frl\/weblog\/?p=162"},"modified":"2022-09-07T08:05:16","modified_gmt":"2022-09-07T06:05:16","slug":"parseberjocht-parsebericht-ynterfryske-rie","status":"publish","type":"post","link":"https:\/\/www.fryskbutenfryslan.frl\/weblog\/?p=162","title":{"rendered":"Parseberjocht \/ Parsebericht Ynterfryske Rie"},"content":{"rendered":"\n<p><\/p>\n\n\n\n<p><strong>\u00dbnderwerp: Ynterfrysk Kongres nei 10 jier wer yn Frysl\u00e2n<\/strong><\/p>\n\n\n\n<p>De Ynterfryske Rie organisearret op sneon 17 septimber in Ynterfrysk Kongres yn Dokkum. Kommissaris fan \u2018e Kening Arno Brok en boargemaster fan \u2018e gemeente Noardeast-Frysl\u00e2n Johannes Kramer iepenje dat meartalich sympoasium. As tema is keazen \u2018De ferbinende ekonomy fan de Fryslannen troch de iuwen hinne\u2019.<\/p>\n\n\n\n<p>Elkenien is wolkom en opjaan kin noch.<\/p>\n\n\n\n<p>De Ynterfryske Rie (Interfriesischer Rat) is de oerkoepeljende organisaasje fan de Fryske Rie (Frysl\u00e2n), de Frasche Radj (Noard-Frysl\u00e2n D\u00fatsl\u00e2n) en de Freeske Raad (East-Frysl\u00e2n D\u00fatsl\u00e2n). It foarsitterskip fan de Ynterfryske Rie wikselet om de trije jier. It trijejierrich foarsitterskip fan de Ynterfryske Rie, dat fan healwei 2018 oant en mei healwei 2021 yn Frysl\u00e2n wie, wurdt tradisjoneel \u00f4fsletten mei in Ynterfrysk Kongres. Mar fanwege koroane oe dat yn 2021 net trochgean. Diz\u2019 kear is keaze foar in gearwurking mei de Fryske Akademy.<\/p>\n\n\n\n<p>It tema wurdt troch in ferskaat oan sprekkers fan binnen en b\u00fbten Frysl\u00e2n op nijsgjirrige wize behannele. De reade tried is de transysje dy\u2019t nedich is yn de l\u00e2nbou\/itensfoarsjenning en de enerzjywinning yn harmony mei de toeristyske \u00fbntwikkeling. Alle dielnimmers krije in meartalich sympoasium\u00fatjefte mei der in gearfetting yn fan de ynh\u00e2ld fan de presintaasjes. B\u00fbten it sympoasium om is der romte foar moeting en petear.<\/p>\n\n\n\n<p>Op de ein fan de middei giet it selskip nei de Bonifatiuskapel. D\u00ear sil wilens in r\u00fbnlieding in yndruk yn it libben j\u00fbn wurde fan ien fan de oprjochters fan de Fryske Akademy, de krekt sillich ferklearre Titus Brandsma , wernei\u2019t der yn \u2018e kapel in koarte Ynterfryske oekomenyske tsjerketsjinst plakfine sil. De dei wurdt \u00f4fsletten mei mienskiplik iten en muzyk yn de IJsherberg.<\/p>\n\n\n\n<p>De Fryske Rie is de Westerlauwerske \u00f4fdieling fan Interfriesischer Rat (Ynterfryske Rie). De Fryske Rie hat as doel it \u00fbntwikkeljen fan de Fryske kontakten yn de breedste sin fan it wurd (kultureel, bestjoerlik, ekonomysk, taalkundich) met help fan ynternasjonale Europeeske kontakten en troch it skeppen en \u00fbntwikkeljen fan middels dy\u2019t sokke kontakten tusken benammen dy fan de trije Fryslannen mooglik te meitsjen. It bestoer bestiet \u00fat in tal persoanen, dy\u2019t ferskate&nbsp; sektoaren fertsjintwurdigje (sjoch webstek, Stifting Fryske Rie). It is bys\u00fbnder, dat de stifting al frij koart nei de Twadde Wr\u00e2ldkriich oprjochte waard en s\u00fbnt dy tiid \u00fatwikselings organisearre hat.<\/p>\n\n\n\n<p>Foar mear ynformaasje en oanmelding: sjoch op <a href=\"http:\/\/www.fryskerie.frl\">www.fryskerie.frl<\/a>. Oanmelde kin oant en mei 11 septimber.<\/p>\n<!-- AddThis Advanced Settings generic via filter on the_content -->","protected":false},"excerpt":{"rendered":"<p>\u00dbnderwerp: Ynterfrysk Kongres nei 10 jier wer yn Frysl\u00e2n De Ynterfryske Rie organisearret op sneon 17 septimber in Ynterfrysk Kongres yn Dokkum. Kommissaris fan \u2018e Kening Arno Brok en boargemaster fan \u2018e gemeente Noardeast-Frysl\u00e2n Johannes Kramer iepenje dat meartalich sympoasium. &hellip; <a href=\"https:\/\/www.fryskbutenfryslan.frl\/weblog\/?p=162\">Lees verder <span class=\"meta-nav\">&rarr;<\/span><\/a><!-- AddThis Advanced Settings generic via filter on wp_trim_excerpt --><\/p>\n","protected":false},"author":3,"featured_media":0,"comment_status":"closed","ping_status":"closed","sticky":false,"template":"","format":"standard","meta":{"footnotes":""},"categories":[1],"tags":[],"class_list":["post-162","post","type-post","status-publish","format-standard","hentry","category-uncategorized"],"_links":{"self":[{"href":"https:\/\/www.fryskbutenfryslan.frl\/weblog\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts\/162","targetHints":{"allow":["GET"]}}],"collection":[{"href":"https:\/\/www.fryskbutenfryslan.frl\/weblog\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts"}],"about":[{"href":"https:\/\/www.fryskbutenfryslan.frl\/weblog\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/types\/post"}],"author":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/www.fryskbutenfryslan.frl\/weblog\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/users\/3"}],"replies":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/www.fryskbutenfryslan.frl\/weblog\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Fcomments&post=162"}],"version-history":[{"count":1,"href":"https:\/\/www.fryskbutenfryslan.frl\/weblog\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts\/162\/revisions"}],"predecessor-version":[{"id":163,"href":"https:\/\/www.fryskbutenfryslan.frl\/weblog\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts\/162\/revisions\/163"}],"wp:attachment":[{"href":"https:\/\/www.fryskbutenfryslan.frl\/weblog\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Fmedia&parent=162"}],"wp:term":[{"taxonomy":"category","embeddable":true,"href":"https:\/\/www.fryskbutenfryslan.frl\/weblog\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Fcategories&post=162"},{"taxonomy":"post_tag","embeddable":true,"href":"https:\/\/www.fryskbutenfryslan.frl\/weblog\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Ftags&post=162"}],"curies":[{"name":"wp","href":"https:\/\/api.w.org\/{rel}","templated":true}]}}