Ûnderwerp: Ynterfrysk Kongres nei 10 jier wer yn Fryslân
De Ynterfryske Rie organisearret op sneon 17 septimber in Ynterfrysk Kongres yn Dokkum. Kommissaris fan ‘e Kening Arno Brok en boargemaster fan ‘e gemeente Noardeast-Fryslân Johannes Kramer iepenje dat meartalich sympoasium. As tema is keazen ‘De ferbinende ekonomy fan de Fryslannen troch de iuwen hinne’.
Elkenien is wolkom en opjaan kin noch.
De Ynterfryske Rie (Interfriesischer Rat) is de oerkoepeljende organisaasje fan de Fryske Rie (Fryslân), de Frasche Radj (Noard-Fryslân Dútslân) en de Freeske Raad (East-Fryslân Dútslân). It foarsitterskip fan de Ynterfryske Rie wikselet om de trije jier. It trijejierrich foarsitterskip fan de Ynterfryske Rie, dat fan healwei 2018 oant en mei healwei 2021 yn Fryslân wie, wurdt tradisjoneel ôfsletten mei in Ynterfrysk Kongres. Mar fanwege koroane oe dat yn 2021 net trochgean. Diz’ kear is keaze foar in gearwurking mei de Fryske Akademy.
It tema wurdt troch in ferskaat oan sprekkers fan binnen en bûten Fryslân op nijsgjirrige wize behannele. De reade tried is de transysje dy’t nedich is yn de lânbou/itensfoarsjenning en de enerzjywinning yn harmony mei de toeristyske ûntwikkeling. Alle dielnimmers krije in meartalich sympoasiumútjefte mei der in gearfetting yn fan de ynhâld fan de presintaasjes. Bûten it sympoasium om is der romte foar moeting en petear.
Op de ein fan de middei giet it selskip nei de Bonifatiuskapel. Dêr sil wilens in rûnlieding in yndruk yn it libben jûn wurde fan ien fan de oprjochters fan de Fryske Akademy, de krekt sillich ferklearre Titus Brandsma , wernei’t der yn ‘e kapel in koarte Ynterfryske oekomenyske tsjerketsjinst plakfine sil. De dei wurdt ôfsletten mei mienskiplik iten en muzyk yn de IJsherberg.
De Fryske Rie is de Westerlauwerske ôfdieling fan Interfriesischer Rat (Ynterfryske Rie). De Fryske Rie hat as doel it ûntwikkeljen fan de Fryske kontakten yn de breedste sin fan it wurd (kultureel, bestjoerlik, ekonomysk, taalkundich) met help fan ynternasjonale Europeeske kontakten en troch it skeppen en ûntwikkeljen fan middels dy’t sokke kontakten tusken benammen dy fan de trije Fryslannen mooglik te meitsjen. It bestoer bestiet út in tal persoanen, dy’t ferskate sektoaren fertsjintwurdigje (sjoch webstek, Stifting Fryske Rie). It is bysûnder, dat de stifting al frij koart nei de Twadde Wrâldkriich oprjochte waard en sûnt dy tiid útwikselings organisearre hat.
Foar mear ynformaasje en oanmelding: sjoch op www.fryskerie.frl. Oanmelde kin oant en mei 11 septimber.