Moetings- en Ynspiraasjedei 2017 tige slagge!!

Ferslach troch Jan Bijkerk, foto’s fan Sjoerdtsje Bijkerk en Fokke Zandstra.

Sneon 28 oktober wie it wer sa fier: ús twadde Moetings- en Ynspiraasjedei yn de Kiekmure yn Hurderwyk. Dit is yn it plak kaam fan it Kaderwykein. Der wiene de moarns 34 dielnimmers en de middeis 37, in hiele moaie opkomst as wy it fergelykje mei ferline jier. Hjir steane de foto’s fan it ynkommen fan de dielnimmers.

Ek dit jier hiene wy in tal oan nijsgjirrige sprekkers:  Yn de moarntiid foar de lunsj hawwe Jelmar Hoekstra en Fokke Plantinga fan it Hymphamp Theater ús meinommen yn harren wurk. Earst, foar it lyts skoft, hawwe sy útlein hoe sy in rol en in sêne opbouwe. In rol kinne jo opbouwe fan binnen nei bûten (hokker klean dogge jo oan)  fan bûten nei binnen – hokker personaazje wolle  jo spylje – dat kinne jo mei jo lichem oanjaan: heupe, bûk, boarst, hals en holle. Der waarden ferskillende type personaazjes troch harren delsetten, somtiden yn lytse sketskes. Wy moasten ús faaks de bûsen útskuorre fan it laitsjen, dat kinne jimme wol begripe.
In sêne moat in begjin, in midden en in ein ha en der moat in spanningsbôge yn sitte. Yn sa’n sêne moatte jo altiten de 5 W’s werom fine kinne en ek oanjaan kinne: Wie, Wêr, Wat, Wannear en Wêrom. Nei it lyts skoft waarden de dielnimmers yn de seal yn in oantal lytse groepkes opdield en elk groepke krige deselde tekst (ien A4-tsje). Elk groepke moast der in sêne by betinke en de 5 W’s op papier sette fan dy sêne. Inkelde fan de troch de dielnimmers op papier setten sênen waard troch Jelmar en Fokke neispile. Jo kinne wol begripe, der wie oer de groepkes gjin inkelde sêne itselde.
Hjir steane de foto’s fan Jelmar en Fokke harren ynlieding en workshop.

Nei it betankjen fan de beide sprekkers troch de foarsitter fan it Boun wie it tiid foar de lunsj. De Kiekmure hie wer soarge foar in goeie lunsj, dat wie tige yn oarder.
Hjir steane noch wat plaatsjes fan de lunsj.

Op de middei hie it bestjoer de deputearre frou Sietske Poepjes útnûge. Frou Sietske Poepjes, fan Makkum en berne yn de Lemmer, is fan ôf septimber 2011 foar it CDA deputearre foar de Provinsje Fryslân. Yn de perioade derfoar, 2007-2011, wie sy Steatenlid foar it CDA in Fryslân. Frou Poepjes hat as deputearre in grutte portefeuille, dêr sit ynfrastruktuer, mobiliteit en wetter yn, mar ek taal, media, keunst en kultuer (ynklusyf Kulturele Haadstêd 2018 en Omrop Fryslân). Dit lêste is foar ús as Friezen om Utens foaral fan belang! Dêrom wiene wy foaral nijsgjirrich nei har rol / har betsjutting foar Friezen om utens as it giet om de rol fan de oerheid yn de media sa as Omrop Fryslân, mar ek bygelyks KPN, dy’t allinnich oan de oanlizzende provinsjes fan Fryslân Omrop Fryslân op de kabel trochjout en har rol dêr yn.
Yn earste ynstânsje hat sy dochs ferteld oer de ynfrastruktuer – want dat hat fansels ek in ferbân mei de oare saken yn har portefeuille. Earder moasten jo al gau inkelde oeren útlûke om fan Snits nei Amsterdam te kommen, mar tsjintwurdich dogge jo dat hast yn in oere – as der net in te lange file stiet fansels. Ek yn Fryslân sels binne der de lêste jierren in protte projekten west om de ferbiningen te ferbetterjen: Knooppunt Joure, Akwadukten, de N31 by Harns en de Centrale As fan Drachten nei Dokkum.
Fierder hat sy it hân oer it gebrûk fan de Fryske taal yn it Provinsjehûs en op de Fryske skoallen. Men kin sa mar net elke skoalle ferplichtsje om Frysk te jaan, der binne fansels yn Fryslân plakken sa as It Bildt, de stêden en de Stellingwerven wêr’t  men op in oare wize Frysk op skoalle jout as op de plakken wêr’t al Frysk sprutsen wurdt. Dêr kinne de skoallen ûntheffingen foar krije. Der wurdt dan ek op ferskate nivo’s Frysk op de skoallen ûnderwiisd. Wol moatte der op de skoallen wêr’t op in leger nivo Frysk jûn wurdt, in plan lizze hoe of sy op in heger nivo komme wolle. Frou Poepjes skeat yn har presintaasje somtiden hiel moaie sydpaadsjes yn mei moaie ferhalen en anekdoaten. De seal hat tige fan har praatsjes genoaten.
Hjir steane de foto’s fan it diel fan frou S. Poepjes.

Oan it ein fan har petear krige sy út hannen fan de foarsitter fan it Boun, Jan Bijkerk, it boek “Friezen yn ‘e Frjemdte” útrikt. It boek dat yn de jierren 2009 oant 2011 troch in oantal leden fan it Boun makke is en de skiednis fan de Fryske kriten beskriuwt, sawol yn Nederlân as oer de wrâld. In prachtich neislachwurk, wêr’t de deputearre tige wiis mei wie.

Wy kinne, neffens de oanwêzigen, weromsjen op in hiele moaie, learsume en gesellige dei, sadat de konkluusje fan de foarsitter wie, dat dit wis foar werhelling fetber is.

De jûns koene de dielnimmers dy bleaven noch genietsje fan it optreden fan “Blikstiender” fan De Lemmer mei ‘Fryslân heite …’. Sy brochten in revu op de planken, mei sketskes en sjongen. De manier wêrop sy it brochten, die wol tinken oan de tiid fan Tetman de Vries. In hiele moaie foarstelling!
Hjir fine jimme noch in moaie Ympresje fan de hiele dei, ek fan de jûn mei ‘Blikstiender’, dizze foto’s binne makke troch Fokke Zandstra.

 

 

Dit bericht is geplaatst in WEBmaster. Bookmark de permalink.