Leauwe yn Fryslân.

Programma foar 2022-2023.

Oer leauwen en teology yn de Fryske kontekst
In projekt fan Stifting Krúspunt – Frysk Oekumenysk Platfoarm
Beskriuwing
Yn dizze kursus wurdt reflektearre op de situaasje fan tsjerke en leauwen
yn de (histoaryske) kontekst fan Fryslân. Oan de hân fan de besteande
teologyske fakken (histoarysk, Bibelsk, systematysk en praktysk) wurdt de
kursist troch in ferkenningstocht ynwijd op it mêd fan leauwen en teology
yn de Fryske kontekst. De fraach yn hoefieren de Fryske taal en kultuer in
eigen plak yn tsjerke en teology hawwe, foarhinne hân hawwe en ek yn de
takomst fertsjinje, foarmet it hermeneutysk ramt fan de kursus. Fragen oer
relaasje tusken evangeelje en kultuer komme dus elke kear werom: taal,
kultuer, skiednis, lânskip, mienskip, leauwen en spiritualiteit.
De kursus wurdt holden by Nijkleaster te Jorwert. Dat betsjut dat de
kursusdagen yn in fêst ritme fan ‘ora et labora’ plakfine. Dêrmei hat dizze
ferkenningstocht net allinnich in kognityf mar ek in persoanlik-spiritueel
karakter. De kursusdagen besteane út in harkkolleezje yn de moarn en in
wurkkolleezje yn de middei. De kursus wurdt oanbean yn in syklus fan trije
jier. De kursist kin íén jier dielnimme of de ferkenningstocht útwreidzje.
Oan it dielnimmen oan de yntroduksjemoarn binne gjin kosten ferbûn.
Doelstelling
It doel fan de kursus is dat de dielnimmers:

  • mear sicht krije op leauwe/tsjerke/teology yn de Fryske kontekst,
  • ûnderfine hoe’t ‘it evangeelje ûnderdompele is/wurdt yn de Fryske
    kultuer’,
  • de Fryske kontekst ferdiskontearje kinne yn de konkrete wurksituaasje,
  • reflektearje kinne op de betsjutting fan de Fryske kontekst foar de
    teology,
  • yn in setting fan rêst en ferstilling reflektearje op wurk en libben.

Yntroduksjemoarn ‘Leauwe yn Fryslân’ – jiergong 2022-2023
21 septimber 2022, Nijkleaster, Jorwert


‘Leauwe yn Fryslân’ is in kursus foar foargongers – pastoraal wurkers, predikanten, prysters –
dy’t harren ferdjipje wolle yn de Fryske kontekst fan leauwen, tsjerke en teology.
Diel 1 omfettet 4 stúdzjedagen. Dielnimmers kinne dêrnei kieze foar Diel 2, it sels skriuwen
fan in artikel op it mêd fan leauwen, tsjerke en teology yn Fryslân.
Data: 26 oktober en 23 novimber 2022 en 11 jannewaris en 8 febrewaris 2023
Plak: Nijkleaster, Redbadtsjerke te Jorwert
Dosinten: Alex Riemersma, Liuwe Westra, Hinne Wagenaar, Tytsje Hibma

Ynformaasje https://www.kruspunt.frl/leauwe-yn-fryslan-2022-2023/


PE: Akkreditaasje predikanten/tsjerklik wurkers PKN: 2 ECTS (diel 1), 4 ECTS (diel 1 en 2)

Programma Yntroduksjemoarn 21 septimber 2022 (tagong fergees):
9.15 oere Ynrin
9.30 oere Moarnsgebed
10.00 oere Kofje/tee mei kleasterkoeke – yn ‘e kunde komme
10.30 oere Ynformaasje oer de kursus en yntroduksjekolleezje
12.00 oere Ofsluting

Mear ynformaasje en oanmelding by Tytsje Hibma (0517-341859 thibma@hetnet.nl).
Oanmelding yntroduksjemoarn fóár 15 septimber, oanmelding stúdzjedagen fóár 1 oktober.

Dit bericht is geplaatst in WEBmaster. Bookmark de permalink.