OAN ALLE FRIEZEN OP ‘E WRALD

koptekst_skriuwen_FBoUOPROP OAN ALLE FRIEZEN OP ‘E WRALD!!

 De Doelstellingen fan it Frysk  Boun om Utens binne:

  1.  In bân lizze tusken (sa folle mooglik) Friezen bûten Fryslân en by harren it Fryske folkskarakter yn al syn utering en, benammen yn de taal te bewarjen en te befoar-derjen;
  2. By oaren as Friezen niget oan en begryp te bringen foar Fryslân, de Fryske taal, kul- tuer en skiednis.

Nei it Kaderwykein oktober ferline jier is fanút de evaluaasje troch it Bounbestjoer aksje ûndernommen om net allinnich mar nei te tinken mar ek mei in plan te kommen:

PLAN 23.

Dizze namme is keazen om hjirmei oan te jaan, dat It Boun yn 2023 wol 100 jier bestiet! Mar mei it tebekrinnen fan it tal kriten en dêrmei it weifallen fan in tredde part oan kriteleden yn de ôfrûne 5 jier wurdt it heljen fan 2023 ynienen in benaud foarútsjoch. Dêr wol it bestjoer dan ek alles oan dwaan om dy trend te kearen. Wy binne ús goed bewust, dat wy dêrmei fansels as idealisten miskien wol te heech gripe; wy binne realistysk genôch om te begripen, dat wy Friezen om Utens, dy’t no noch de skouders der ûnder sette wolle, hieltyd âlder wurde en dêrmei wurdt de basis hieltyd smeller…

Mar neat dwaan, betsjut dat wy mooglik it ‘ljocht’ kinne útdwaan tsjin de tiid, dat wy eins in feestje bouwe wolle…

  • Wy dogge in oprop oan alle kriten, om har leden te freegjen de digitale adresgegevens (e-mail) fan harsels, mar likegoed ek dy fan kunde, famylje, freonen mei Fryske woar- tels, sawol yn eigen lân as yn ‘t bûtenlân, te sammeljen. Al dy mail-adressen (lid of net- lid) wurde trochspile nei de skriuwer fan It Boun. Dy soarget foar de nijsfoarsjenning nei al dy Friezen om utens oer it silen en farren fan de kriten en it Boun, mar ek oar nijsgjirrich frysk sinnich nijs; soks stiet dan ek allegearre op ús webside.
  • De oprop dogge wy tagelyk op ús webside, op Facebook, op It Nijs.nl , fia Twitter, fia de webside fan www.halloFryslân.nl, op de webside www.fanfanfryslân.nl en fia de Flea- nende krie fan KFFB en mooglik lanlike deiblêden.
  • As ‘slachrjemme op ‘e taart’ wolle wy jierliks ien as twa kear in moetingsmiddei mei útrin nei de betide jûn op in sintraal plak yn’t lân organisearje – elke kear op in oar plak; mooglik wêr’t earder in krite bestien hat – dat mei stipe fan frysksinnige bedriu- wen út dy omkriten (mooglik ek yn gearwurking mei in krite út dy omkriten…).
  • Wy sykje nei in mooglikheid om it kader/bestjoer fan de kriten te stypjen troch foar- ming

Om jimme e-mailadres op te jaan, kinne jimme dit op in ynfolformulier skriuwe mei jo namme, email-adres, wenplak en leeftiid. Klik hjirunder op ‘OANMELDE BY IT BOUN’.

OANMELDE BY IT BOUN

Dit bericht is geplaatst in WEBmaster. Bookmark de permalink.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Verplichte velden zijn gemarkeerd met *