OAN ALLE FRIEZEN OP ‘E WRALD

koptekst_skriuwen_FBoUOPROP OAN ALLE FRIEZEN OP ‘E WRALD!!

 De Doelstellingen fan it Frysk  Boun om Utens binne:

  1.  In bân lizze tusken (sa folle mooglik) Friezen bûten Fryslân en by harren it Fryske folkskarakter yn al syn utering en, benammen yn de taal te bewarjen en te befoar-derjen;
  2. By oaren as Friezen niget oan en begryp te bringen foar Fryslân, de Fryske taal, kul- tuer en skiednis.

Nei it Kaderwykein oktober ferline jier is fanút de evaluaasje troch it Bounbestjoer aksje ûndernommen om net allinnich mar nei te tinken mar ek mei in plan te kommen:

PLAN 23.

Dizze namme is keazen om hjirmei oan te jaan, dat It Boun yn 2023 wol 100 jier bestiet! Mar mei it tebekrinnen fan it tal kriten en dêrmei it weifallen fan in tredde part oan kriteleden yn de ôfrûne 5 jier wurdt it heljen fan 2023 ynienen in benaud foarútsjoch. Dêr wol it bestjoer dan ek alles oan dwaan om dy trend te kearen. Wy binne ús goed bewust, dat wy dêrmei fansels as idealisten miskien wol te heech gripe; wy binne realistysk genôch om te begripen, dat wy Friezen om Utens, dy’t no noch de skouders der ûnder sette wolle, hieltyd âlder wurde en dêrmei wurdt de basis hieltyd smeller…

Mar neat dwaan, betsjut dat wy mooglik it ‘ljocht’ kinne útdwaan tsjin de tiid, dat wy eins in feestje bouwe wolle…

  • Wy dogge in oprop oan alle kriten, om har leden te freegjen de digitale adresgegevens (e-mail) fan harsels, mar likegoed ek dy fan kunde, famylje, freonen mei Fryske woar- tels, sawol yn eigen lân as yn ‘t bûtenlân, te sammeljen. Al dy mail-adressen (lid of net- lid) wurde trochspile nei de skriuwer fan It Boun. Dy soarget foar de nijsfoarsjenning nei al dy Friezen om utens oer it silen en farren fan de kriten en it Boun, mar ek oar nijsgjirrich frysk sinnich nijs; soks stiet dan ek allegearre op ús webside.
  • De oprop dogge wy tagelyk op ús webside, op Facebook, op It Nijs.nl , fia Twitter, fia de webside fan www.halloFryslân.nl, op de webside www.fanfanfryslân.nl en fia de Flea- nende krie fan KFFB en mooglik lanlike deiblêden.
  • As ‘slachrjemme op ‘e taart’ wolle wy jierliks ien as twa kear in moetingsmiddei mei útrin nei de betide jûn op in sintraal plak yn’t lân organisearje – elke kear op in oar plak; mooglik wêr’t earder in krite bestien hat – dat mei stipe fan frysksinnige bedriu- wen út dy omkriten (mooglik ek yn gearwurking mei in krite út dy omkriten…).
  • Wy sykje nei in mooglikheid om it kader/bestjoer fan de kriten te stypjen troch foar- ming

Om jimme e-mailadres op te jaan, kinne jimme dit op in ynfolformulier skriuwe mei jo namme, email-adres, wenplak en leeftiid. Klik hjirunder op ‘OANMELDE BY IT BOUN’.

OANMELDE BY IT BOUN

Geplaatst in WEBmaster | Reacties uitgeschakeld voor OAN ALLE FRIEZEN OP ‘E WRALD

YNSTRUKSJE FOAR IT JAAN FAN IN REAKSJE

As jimme kommentaar / reaksje jaan wolle op in berjochtsje moatte jim it folgjende dwaan:

  1. Gean nei ús webstek fryskbutenfryslan.frl en klik mei de mûs op ‘Weblog Frysk Boun‘;
  2. Gean nei it berjocht wer jo kommentaar as in reaksje op jaan wolle;
  3. Jo komme dan op in side wêr’t jo jo namme, jo email-adres, jo namme fan jo webstek as jo dy ha en jo reaksje del skriuwe kinne;
  4. Ferstjoer jo kommentaar troch op de knop ‘Reactie plaatsen‘ te klikken;
  5. De webmaster kriget in seintsje dat der kommentaar kommen is en kin dit frij jaan of wiskje.
  6. Nei dat de webmaster it kommentaar frij jûn hat, sjocht min it op it skerm.
  7. Klik boppeoan op ‘Home‘ as jo nei alle berjochten wolle of klik op ‘HIEMSIDE WEBSTEK FBoU‘ om út it reaksje-skerm te gean.

De WEBmaster JHB.

Geplaatst in WEBmaster | Reacties uitgeschakeld voor YNSTRUKSJE FOAR IT JAAN FAN IN REAKSJE

YNSTRUKSJE FOAR IT SKRIUWEN FAN IN BERJOCHT

In berjocht skriuwe:

  1. Jo geane nei ús webstek www.fryskbutenfryslan.frl;
  2. Jo geane nei de linkerkant fan de hiemside en klikke op ‘Weblog Frysk Boun‘;
  3. Jo komme no by ús weblog en rjochts underoan bij ‘ALGEMIEN‘ klikke jo op ‘inloggen‘;
  4. Jo logge yn mei de bekinde namme bij ‘gebruikersnaam’ en it wachtwurd (kinne jimme krije fan Kees van der Beek);
  5. Jo geane ‘mei de mûs nei ‘Berichten‘en dan nei ‘Nieuw bericht‘;
  6. Dan krije jo in skerm wêr’t boppeoan stiet: ‘Nieuw bericht toevoegen‘;
  7. Dêr ûnder moatte jo de ‘Titel‘ oanjaan (it ûnderwerp);
  8. Under de ferskillende blokjes kinne jo de ynhâld fan it berjocht del skriuwe;
  9. Graach altyd ôfslúte mei jo eigen namme;
  10. Dan kinne jo it berjocht op it weblog sette troch rjochtsboppe op ‘Voorbeeld‘ te klikken;
  11. As der dan noch flaters yn de tekst sitte, kinne jo dy feroarje troch hjir ûnder it berjocht op ‘Bewerken‘ te klikken.
  12. Dan komme jo wer yn de tesktskriuwer út en kinne jo de flaters der út helje.
  13. As lêste geane jo nei rjochts, nei it blaue balkje ‘Inzenden voor beoordeling‘.

WEBmaster JHB.

Geplaatst in WEBmaster | 1 reactie

Oanpast weblog

Sa as jimme sjogge, is de weblog fan it Boun feroare. Ik bin noch dwaande mei de feroarings en moat ien en oare noch teste. Ik sil ek de ynstruksje om in berjocht te skriuwen oanpasse.

Fierder ha ik ek in kontaktfomulier en in oanmeldingsformulier taheakke. It oanmeldingsformulier wurket noch net hielendal goed. Dêr gean ik tongersdei o.s. wer mei fierder.

Groetnis Jan Bijkerk, webmaster.

Geplaatst in WEBmaster | Reacties uitgeschakeld voor Oanpast weblog

Stûdzjedei Nunspeet

Noflike dei – in soad leard.

Kees v d Beek.

Geplaatst in WEBmaster | 1 reactie

Nije weblog

Bêste minsken,

Wy binne oergong fan fryskbutenfryslan.nl nei fryskbutenfryslan.frl. Dêrtroch is ús weblog noch net hielendal in oarder. Der wurdt fierder oan wurke.

De webmaster.

Geplaatst in WEBmaster | Reacties uitgeschakeld voor Nije weblog