 |
Selskip ‘Mei Inoar Ien’ te Utert, Seist en omkriten
lid fan it Frysk Boun om Utens |
Krite-ynformaasje foar webside FBoU – bywurke 20 oktober 2022
Fryske Krite ‘Mei Inoar Ien’ is ûntstien op 18 maaie 2019 út de Fryske kriten út Utert (oprjochte op 21 jannewaris 1901) en út Seist (oprjochte op 20 desimber 1928).
Wat is de doelstelling fan ús krite foar Utert, Seist en omkriten?
It fersterkjen fan de bân foar dyjingen dy’t op de ien of oare wize konneksjes hawwe mei Fryslân of mei it Frysk, bygelyks trochdat se der berne binne, Fryske famylje ha, de simmers graach yn Fryslân trochbringe of gewoanwei ynteresse hawwe yn de Fryske taal en har kultuer.
Fan septimber/oktober oant en mei april organisearret ‘Mei Inoar Ien’ toaniel- of kabaret-foarstellingen of oare kulturele middeis of jûnen, mei bgl. muzyk of lêzingen. Op dizze gearkomsten binne faak ek (healsliten) Fryske boeken en/of oranjekoeken te keap.
De krite-aktiviteiten wurde ôfwikseljend yn Utert en Seist holden.
Lêsklup.
Wa’t nocht oan lêzen hat én om dêr mei elkoar de tinzen oer gean te litten, is fan herte wolkom op de lêsklup. Fjouwer kear yn ‘t jier komme de dielnimmers by elkoar. It is gesellich en ynspirearjend en in útdaging om ek ris oare Fryske boeken te lêzen. Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei Gerrita Otten yn Bilthoven, tel. 06 -2519 0166.
De Kritekoer.
Yn it ynformaasjebledsje ‘De Kritekoer’, wurde krite-aktiviteiten opnaam, nijs út Fryslân en soms in puzel of oare ferdivedaasje.
De kontribúsje is € 12,- de man. Dêrfoar krijt men seis kear yn ‘t jier ‘De Kritekoer’. Foar de gruttere aktiviteiten dy’t oanbean wurde, wurdt ynlis frege.
Foar neiere ynformaasje oer ús aktiviteiten: mail de skriuwer (j.p.bergmans@casema.nl).
BESTJOER |
Foarsitter |
|
Skriuwer |
|
Ponghâlder/lede-administraasje |
Harke Hofman (harkemarga@gmail.com)
Bank: NL75 INGB 000 019 4027 o.n.f. Selskip Fryslân |
Bestjoerslid |
|
Bestjoerslid |
|
PROGRAM GEARKOMSTEN
|