1 |
in
bân te lizzen tusken de Friezen bûten Fryslân en by harren it Fryske
folkskarakter yn al syn uterings, benammen yn de taal, te bewarjen en te befoarderjen; |
2 |
by
oaren as Friezen, niget oan en begryp te bringen foar Fryslân, de Fryske
taal, kultuer
en skiednis. |
It
Boun docht soks ûnder oaren troch: |
|
3 |
it
oppakken fan gruttere saken, dy't de kriten op harsels net of minder maklik
regelje kinne, sa as:
-
it
om de fiif jier organisearjen fan in Friezedei (14 april 2018 yn
Ljouwert),
-
it
stimulearjen en de koördinaasje fan kursussen Frysk om utens,
-
lizzen
fan kontakten/oerlis oer útstallings/útfierings dy't foar gâns bûtenkriten
nijsgjirrich
binne;
|
4 |
kontakten
te lizzen en te ûnderhâlden mei ynstânsjes yn en bûten Fryslân oer de
Fryske taal en it brûken dêrfan yn de media, sa as mei:
-
-
de
Ministearjes (OCW, V. en W., A.Z.),
-
de
ûnderskate politike fraksjes út it parlemint,
-
provinsjale
oerheid (bgl. it periodyk bestjoerlik oerlis mei de deputearre foar
kultuer fan de provinsje Fryslân),
-
de
Fryske Akademy,
-
Tresoar
(earder mei it FLMD (Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum),
-
Keunstwurk,
- de
parse (Ljouwerter Krante en Frysk Deiblêd).
|
5 |
him
yn te setten foar de befoardering fan it ûnderwiis yn 'e eigen taal yn alle
foarmen fan it ûnderwiis; |
6 |
it
fuortsterkjen fan it toaniel en oare uterings fan kritelibben om soks
op in sa heech mooglik nivo te krijen; dat uteret him yn:
-
it
hâlden fan toanielkrigen en festivals (bgl. it ienakterfestival),
-
it
yn ferbân dêrmei oplieden fan karmasters;
-
it
hâlden fan toanielstúdzjedagen en sa mooglik wykeinen;
-
it
befoarderjen fan toanielútwikselingen tusken de kriten;
-
it
hâlden - sa as bygelyks op de Friezedei - fan in koarendei;
-
it
stimulearjen fan stúdzjerûnten, literêre jûnen, jûnen mei
gastsprekkers en it ûnder
elkoar útwikseljen fan gegevens dêroer;
|
7 |
it
organisearjen fan op it kritewurk rjochte kader/stúdzjedagen ta stipe fan
it bestjoerswurk; |
8 |
it
hâlden fan kader/stúdzjedagen/wykeinen foar de algemiene foarming oer
ûnderwerpen fan skiednis, literatuer, taal en kultuer; |
9 |
by
te dragen ta de útwikseling fan ynformaasje tusken de kriten troch:
it
útbringen fan in "Ynformaasjemap" (kursussen, toanielsaken,
ferdivedaasjemooglikheden, adressen, wurklisten en oare min of mear fêste
gegevens),
it
3 of 4 x jiers ferskinende Nijsbrief
(Mienskiplike útjefte fan It Frysk Boun om Utens &
it Selskip foar Fryske Tael en Skriftekennisse mei mear algemiene
en/of op 'e aktualiteit tasniene ynformaasje en nijs fan en út it
haadbestjoer fan It Boun en fan it Selskip, fierder,
tuskentiids, mei de Bounsbrief en/of in omskriuwen oan
de Bounskriten;
|
10 |
mei
syn SBF (Sintrale Boeke Ferkeap) it Fryske boek, Fryske cd's, kassettes en kaarten
ûnder de oandacht fan de Friezen om utens te bringen (de njonkelytsen ferneamde
boeketafels op 'e kritejûnen) |
11 |
fia
syn fertsjintwurdigers mei te praten/tinken yn ûnderskate organisaasjes oer
saken dy't mei it Frysk en/of Fryslân te krijen hawwe. It
Boun is sa fertsjintwurdige
yn:
-
De
Ried fan de Fryske Beweging (= in ferbân fan
minsken, selskippen en organisaasjes dat him ynset foar de Fryske taal
en kultuer en de Fryske belangen yn it algemien); fia de Ried wer yn de
Stifting It Fryslânhûs ensfh.
-
it
bestjoer / advysried fan de AFÛK (Algemiene Fryske Ûnderrjochtkommisje),
dy't rûnom kursussen Frysk fersoarget en fierder in útjouwerij en it
Stipepunt Frysk binnendoarren hat;
-
it
bestjoer fan it IFAT (= It Frysk Amateur
Toaniel), dat It Boun
mei twa selskippen út Fryslân oprjochte hat, dêrmei in lanlike
status hat en sadwaande fan it ministearje fan OWC subsidiearre wurdt;
en fia it IFAT wer yn FRATS (De Fryske Amateur Teater Skoalle);
|
12 |
syn
funksje as "it" oansprekpunt foar de "Friezen om utens"
foar de ûnderskate oerheden
en ynstânsjes, en wurdt dêrom yn foar dy groep wichtige saken behelle; |
13 |
it
bieden fan in lânlik ramt foar it kritewurk; soks is fakentiids in betingst
om foar
guon subsydzjes yn 'e beneaming te kommen; |
14 |
de
positive ynfloed fan sa'n gearwurkingsferbân op de Fryslân-promoasje; ommers
de bûtenkriten hawwe in soarte fan ambassadeurfunksje foar Fryslân; |
15 |
bûten
Fryslân omtinken te jaan oan spesifyk Fryske dingen, sa as it keatsen, skûtsjesilen,
fierljeppen, aaisykjen ensfh.; |
16 |
gelegenheden
te skeppen foar de Bûtenfriezen om harren krêften te bondeljen en
mei-inoar op te arbeidzjen en ûnderling kontakten te lizzen, te ûnderhâlden
en te ferdjipjen; dat lêste sa mooglik mei de ûnderskate Fryske
Studinteferienings. Fierder stimulearret It Boun dat leden fan de oansletten
kriten op deselde betingsten as eigen leden of tsjin sterk redusearre prizen
tagong ta inoarrens kritejûnen hawwe. Dêrta
soarget It Boun foar unifoarme lidmaatskipskaarten. |