De KPN moat it plan om Omrop Fryslân bûten Fryslân út it pakket te heljen nochris goed besjen. Dat skriuwt it Frysk Boun om Utens yn in brief oan de KPN. It telekombedriuw wol it sinjaal fan regionale stjoerders allinnich noch mar trochjaan yn de eigen en de buorprovinsje. It Frysk Boun om Utens hat leden yn hiel Nederlân dy't nei Omrop Fryslân sjogge.It bûn wiist de KPN derop dat it Frysk de twadde Rykstaal is en fynt Omrop Fryslân dêrom in ûnmisbere faktor, ek bûten Fryslân.Sjoch hjir foar de brief dy't wy ferstjoerd hawwe.
|