De
redaksje bestiet út Jan Bijkerk en Kees van der Beek. Jan makket him
hjir ûnder bekend

Jan H. Bijkerk,
Lelystêd.
Jan
wie oansluten by de Krite yn Boadegraven, wêr Sjoerdtsje,
syn frou, skriuwer wie. Yn novimber 2008 binne sy ferhúze nei Lelystêd. Yn it foarjier fan 2005 hat Jan mei
Hâns Weijer ôfsprutsen om de webside te helpen opsetten.
Hy hat by de Krite "Fier fan Hûs" ek de webside
makke. Syn hobbys binne dan ek op it gebiet fan de kompjûter.
Hy makket sels films en foto's en bewurket se mei syn kompjûter.
Syn byldmark stiet lofts boppe oan.
Jan
en Sjoerdtsje diene ek mei in protte nocht de redaksje fan
it meidielingeblêd fan de Krite Boadegraven en no foar de krite Sékrite yn Lelystêd, wer't Jan ek foarsitter is fan de krite. Yn 2017 is Jan foarsitter wurden fan it Boun.
Jan
hopet dat ús webside in protte besjoen wurdt. En as der
fragen oer binne freget der jim dat fia de e-mail troch
te jaan. Dêrtroch kin de side allinnich noch mar better
wurde.
|
 |
|
|
|