It
idee om in Fryske Krite yn’e nije polder op te rjochtsjen, ûntstie
yn oktober 1971. De earste ynwenners
fan Lelystêd wiene hiel tafallich Friezen, de fam. Sytsma. Doe’t efkes letter de
fam. Schiere yn Lelystêd kaam te
wenjen (dy’t al lid wiene fan de fryske krite yn Kampen), waarden hja it al
gauwêftich iens, dat der yn Lelystêd ek in krite komme moast. Mei noch in pear
oare friezen binne hja doe begûn om by de doarren lâns te gean, om mear minsken
dêr waarm foar te krijen. Inkele fan dizze minsken wurken op it gemeentehûs en
wiene sadwaande yn’e gelegenheid, om de listen mei nije ynwenners troch te
sjen.
As dêr dan in namme by wie, wêr’t hja út opmeitsje koene dat it in Fries wie,
dan gyngen hja dêr op ôf. Jûnen en jûnen binne hja sa op paad wêst.
Om’t Lelystêd in nije stêd wie, kaam it gau’ris
foar, dat
hja mei trije minsken foar de selde doar stiene. Ien foar de fryske krite, ien
foar de bank (meastal mei in blomke, dy hiene it measte jild) en ien fan de
begraffenisferiening. Alles moast hjir doe noch fan’e grûn komme.Ek
de agint fan de Ljouwerter krante en it Frysk deiblêd en de
man de SRV wein hawwe hiel wat nije leden oanbrocht. Op 25 novimber
wie dan de oprjochtingsfergadering yn “de Meerkoet”, it earste
restaurant yn Lelystêd. Der wiene doe 34 minsken en de 1ste foarsitter waard Hindrik Schiere ( no noch altyd op ús kritejûnen
as earelid). It duorre mar efkes, doe wiene der al 112 leden,
werfan 12 wol toanielspylje woene en 22 woene wol meidwaan oan
in skotsploech. De earste toanieljûn wie op freed 28 jannewaris
1972 yn’e Meerkoet. De toanielploech út Aldeboarn wie dêr mei
it stik “De bekroande earsteling”. De krite hie doe 190 leden,
werfan 140 op dy jûn oanwêzich wienen. De muzyk waard fersoarge
troch in soan fan Sytsma, mei in bânrykorder. Ek doe wie der
al in ferlotting ( 5 lotten foar Hfl. 1,= ).
Yn die tiid wie
der ek faak in ferslachjouwer fan de krante, mei in fotograaf.
Op 23 febrewaris 1973 spile ús eigen toanielploech foar it earst,
it stik “Taaie Teie”. Op 12 maart 1974 koe it 300ste lid ynskreaun wurde. De leden kamen eartiids net allinne út
de Flevopolder, mar ek út Urk en Elburg. It greatste oantal
leden fan ús krite hat 370 west ( 29 novimber 1975). Wat in
ferskil by no, noch mar 160 leden. Op kritejûnen waarden dan
de tafels út de seal wei helle, oars koene de minsken der net
yn. It sjongkoar waard oprjochte op 8
febrewaris 1976 en de skotsploech op 25 febrewaris.
Spitichgenôch
is de skotsploech al wer opdûkt en ek ús toanielploech kampte
mei in tekoart oan spylders. Yn 1976 waard troch eigen leden
in kabaret opfierd en yn letter jierren noch 3 kear. Wy hoopje dat wy dit oantal leden fan no hânhâlde kinne en
dat it sjongkoar bestean bliuwe kin.
|
Bestjoer fan de krite:
It sjongkoar oefent op woansdeitejûn om 20 oere yn de OBS "De Windroos" oan it Karveel 22-28 yn Lelystêd
KRITEJUNEN
Program winterskoft kriten 2023-2024
ús sjongkoar is wer oan it repetearjen.
It 50-jierrich jubileum fan de Sékrite en
it 45-jierrich jubileum fan it sjongkoar
wie op 9 april 2022 en holden by BOERKOK
mei û.o. optreden fan Griet Wiersma en Pieter Wilkens
De foto's fan dizze feestdei binne HJIR te sjen.
De foto's fan de Nijjiersbesite fan 14 jannewaris 2023 binne HJIR te sjen
De foto's fan it optreden fan Adri de Boer, de Fryske troubadoer,
op 18 novimber 2023, binne HJIR te sjen
MEIDIELINGEBLÊDEN:
yn dizze koroanatiid hat it bestjoer de leden yn maart in maitiidspresintsje oan de doarren brocht
yn dizze frjemde tiid mei koroana hat it bestjoer yn novimber de leden thús boeken oan de doarren brocht.
Ek bringe wy 5 of 6 kear yn’t jier in krantsje út, mei wederwarichheden
fan ús Krite.
It
ledejild is € 15,= yn’t jier.
De tagong is foar leden € 10,00.
Net-leden betelje € 15,00 de man/frou
Ek kinne jo stiper wurde foar € 10,= yn it jier, de tagong
is dan € 10,= de jûn. |