Yn it bestjoer fan It Frysk Boun om Utens is al jierren de ôfspraak, dat hja op ien of oare wize kontakt ûnderhâlde mei de kriten yn ús lân. Op ‘t stuit binne der 12 kriten oansletten by It Boun en 1 is net oansletten.
Yn ús lêste bestjoersgearkomst hawwe wy ôfspraken makke hokker bestjoerslid mei hokker kriten kontakt ûnderhâlde sil.
Dat sjocht der sa út:
KRITEKONTAKTEN
Jan Bijkerk |
foarsitter_fbou@fryskbutenfryslan.frl |
Utert/Seist, Assen |
Kees v.d. Beek |
skriuwerfbou@fryskbutenfryslan.frl |
Swol, Súdeast Drinte |
Jan Vogel |
yellowbirds53@gmail.com |
Roan, Lelystêd |
Gerrit Stengenga |
gerrit.stegenga@planet.nl |
Twinte, Meppel |
Hylke de Haan |
hylke_de_haan@hotmail.com |
Hoarn, Boadegraven |
Gerrita Otten-Onrust |
g.onrust1@gmail.com |
Hilversum, Hurderwyk, Apeldoarn |
Mar, wat hâldt soks no yn?
Yn ‘t foarste plak is it bestjoerslid yn prinsipe de earste kontaktpersoan tusken krite en Bounsbestjoer as der swierrichheden of fragen binne. Fierder sil hy/sy bestjoersgearkomsten (op útnoeging of nei oerlis) bywenje en út en troch ris in kritejûn.
It riden en farren fan de kriten giet it bestjoer, dat mei dúdlik wêze, ek oan it hert!
As jo jild oermeitsje wolle nei it Boun, dan kin dat op namme fan:
It Frysk Boun om Utens te Hoarn op IBAN: NL94 INGB0 0003 200 77. |
|